Home  |  Contact
Jellum skyline

Spulwike 50 jier: stjoer dyn bydrage yn foar it Spulwikejubileumboek!

Gepubliceerd op: 22-12-2021
Spulwike 50 jier: stjoer dyn bydrage yn foar it Spulwikejubileumboek!
 
Wat yn de simmer fan 1972 op in fjildsje yn Jorwert begûn as wike mei aktiviteiten en spultsjes foar bern fan âlders dy’t gjin fakânsje betelje koene, bestiet hast fyftich jier letter, nei twa gemeentlike weryndielings (yn 1984 en yn 2018) noch hieltyd, en is útgroeid ta in wike dêr’t alle jierren sa’n 650 bern oan meidogge. Mei “basiskampeminten” yn de doarpen Easterwierrum, Easterlittens en Weidum, en aktiviteiten yn de doarpen dêr om hinne, yn wat oant 2018 de gemeente Littenseradiel wie. Yn dy fyftich jier is der in soad feroare, mar wat altyd itselde bleaun is, is de wille dy’t de bern en de lieding fan de Spulwike mei elkoar belibje.
 
Oar jier, yn 2022, bestiet de Spulwike 50 jier! Wy witte fansels net hoe’t it komt mei de koroanapandemy, mar sa’n jubileum meie jo hoe dan ek net ûngemurken foarby gean litte fansels; sa’n jubileum fertsjinnet in moai jubileumboek! Dêr wurdt oan wurke troch in eindredaksje, besteane út minsken dy’t yn it mear of minder resinte ferline aktyf by de Spulwike behelle west hawwe, te witten: Trienke Poelstra, Jelle Wierenga, Jansien Kamstra, Klaas Siderius, Boukje Kamphorst en Tsjerk Bottema. Wy roppe elkenien op syn of har oantinkens oan de Spulwike, as bern, lieding, âlder, materiaalman of -frou, pankoekmem of -heit, of alles tagelyk, mei ús te dielen. Dat kin yn ferskillende foarmen. Dyn bydrage kin de foarm hawwe fan:
  • In kolumn (rjochtline maksimaal 350 wurden)
  • In anekdoate (rjochtline maksimaal 750 wurden)
  • In fraachpetear (rjochtline maksimaal 1500 wurden)
  • In gedicht (gjin beheinings)
  • Foto’s mei byskrift (allegearre wolkom, mar tink om resolúsje en byldkwaliteit)
  • Argyfstikken oer de Spulwike, út kranten en oare media (by foarkar digitalisearre) 
Jou yn dyn bydrage oan yn hokker tiidrak dyn oantinken spilet, of út hokker Spulwikejier dyn foto’s komme. It jubileumboek beslacht fiif desennia: de jierren santich, tachtich, njoggentich, nul én tsien oant en mei ienentweintich. Fan elke fiif jier fan dy desennia wol wy graach moaie ferhalen by elkoar bringe.
 
Hast in geweldich idee foar in bydrage, mar fielst dy wat beheind troch de hjirboppe neamde tekstsjenres? Gjin punt; yn oerlis mei de redaksje is der in soad mooglik.
Bist sels net sa’n skriuwer, mar sitst wol fol mei ferhalen oer de Spulwike? Gjin punt, de einredaksje komt graach by dy del om dyn ferhaal op te tekenjen.
Alle bydragen dy’t wy binnen krije, krije sowieso in plakje op de webside. In seleksje fan ferhalen en foto’s nimme wy graach yn it jubileumboek op.
 
Set dyn bydrage op de mail nei: spulwikejubileumboek@gmail.com. Stjoer dyn bydrage yn foar 1 maart 2022. Wy binne benijd nei dyn ferhaal!
 
Hertlike groetnis fan de einredaksje fan it Spulwike Jubileumboek,
 
Boukje, Klaas, Jansien, Jelle, Trienke en Tsjerk.

Agenda

11 mei 2024
Oud papier ophalen
Hierbij het schema voor het ophalen oud papier in 2024.  We starten om 10.00 uur op het parkeerterrein bij de Smidshoeke. Als de papierophaler verhinderd is, dan graag zelf voor vervanging/ruilen zorgen.
Vragen Jan Pieter de Boer (06 10949013) of Rutger Fopma (06 48322826)
 
13 juli 2024

14 september 2024

28 september 2024
Burendag
Meer informatie volgt 
2 november 2024
Oud papier ophalen
Hierbij het schema voor het ophalen oud papier in 2024.  We starten om 10.00 uur op het parkeerterrein bij de Smidshoeke. Als de papierophaler verhinderd is, dan graag zelf voor vervanging/ruilen zorgen.
Vragen Jan Pieter de Boer (06 10949013) of Rutger Fopma (06 48322826)
 
14 december 2024

Archief
21 april 2024
Autopuzzeltocht
Meer informatie volgt
23 maart 2024
Muziekavond Yme & The Farmbreakers
16 maart 2024
NL DOET en snackavond
Meedoen? Kijk hier voor meer informatie.
9 maart 2024
Oud papier ophalen
Hierbij het schema voor het ophalen oud papier in 2024.  We starten om 10.00 uur op het parkeerterrein bij de Smidshoeke. Als de papierophaler verhinderd is, dan graag zelf voor vervanging/ruilen zorgen.
Vragen Jan Pieter de Boer (06 10949013) of Rutger Fopma (06 48322826)

6 maart 2024
Algemene ledenvergadering Dorpsbelang Jellum-Bears
Graag zien we al onze leden/dorpsbewoners tijdens de algemene ledenvergadering op 6 maart a.s om 20 uur in dorpshuis d'Ald Skoalle in Bears.
Ga naar eerdere agenda items
Disclaimer | Privacy Statement
©2024 Dorpsbelang Jellum-Bears | realisatie: Insite Design websites