Home  |  Contact
Jellum skyline

Doe en no: Doarpshûs d’Ald Skoalle Jellum/Bears

Wannear is it doarpshûs oprjochte?

It gebou is earst konsistoarje west fan de Herf. Tsjerke en hat yn dy hoedanigheid ek tsjinst dien as skoalle. Letter kaam der in skoalle op’e Bearsterhoeke. Doe’t  dy skoalle ferboud wurde moest, hat der in klas 6 yn ús doarpshûs sitten. Dat wie al nei de oarloch. Se moesten doe lâns it wetter achter nei binnen, foar wie gjin yngong.

Yn 1953 waard der aksje fierd troch ynwenners fan Jellum/Bears mei as doel it gebou te ferbetterjen en geskikt te meitsje foar it ferienigingslibben en waard op 31 maart 1954 iepene as ferienigingsgebou.
Tige wichtich wie yn dy tiid de Dûnsklup “De Flugge Fuotsjes”, dy draaide draaide tige goed.

Stichting
Yn 1961 is der in Stichting oprjochte en kocht v/d Lageweg namens dy Stichting it gebou foar de symbolische priis fan f. 1-,  fan de tsjerke. Betingst wie wol dat de Vrouwenvereniging en alle gearkomsten dy’t mei tsjerke te meitsjen hienen gjin hier hoefden te beteljen!
It bestjoer  bestie doe út W. v.d. Lageweg, H. Rodenhuis, P. Hoekstra, K.M. Tamminga en E. Heeg.
Dit bestjoer frege de gemeente in ynfesteringssubsydzje. De totale kosten foar de ferbouwing wiene f. 21.000,-! Derfan wie al f.5.500,- opbrocht troch de  ynwenners sels troch akjses en frijwilligerswurk. En der soe noch wol f. 3000,- bykomme tocht men.
De provinsje waard frege om in bydrage fan f. 3.500,- en  de gemeente f.5000,-,  der bliuw noch in bedrach oer fan f. 4000,- , hjir soe in liening foar ôfslúten wurde. De bedragen waarden takend en sa koe yn 1961 it nije Doarpshûs iepene wurde!

Dûnsklup
Der barde fan alles  en wer wie de Dunsklup tige suksesfol. Der waard ek in soad oanskaft foar it Doarpshûs, lykas in piano, de flier en de gerdinen. Faak kamen se allegear der mei splinters yn’e fuotten wei, dit koe sa net, dat der moest in nije flier komme en der wie wol  jild foar dus dy waard der yn spikere. Men die alles sels. Op sneontemiddei waard de seal fersierd mei slingers en in selsmakke spegelbal: “In spegel fynslein yn lytse stikjes en doe op in bol plakt en dêr it ljocht op skine, hy draaide op in moterke!” (Sjoerd Dykstra)

Letter hieten dy Dûnsjûnen dus altyd Sokkenbal, en de minsken kamen oeral wei. Somtiden moast der in buordsje ophongen wurde mei”FOL”! Der waard sein: ”De seal wie te lyts en it toniel te grut!”
Der waard spile troch  bygelyks “Lytse Kobus”, “The Melodymakers” en de Mystery Five. Ien fan de bands hie in piano nedich, dy waard ek oanskaft, it koe net op.
Kaartsjes moesten by de gemeente weikomme, dy moest in diel fan de opbringst ha, de “vermaakbelasting”. Dan waard der ek wolris  even mei besykersoantallen sjoemele….
Nei in oantal jierren wie de loop der wat út, de musyk wie te djoer en de seal eins te lyts en der kamen mear plakken wer’t dûnse wurde koe.

Aksjes
Yn it Doarpshûs wienen fergaderingen, toniel, feestjes en brulloften. Om de kas te spekken wurden der aksjes holden as rommelmarkt, lotterijen, bazar en oaljebollen bakkke.

Behear
It behear is op ferskillende wizen útfiert, sûnt 1992 mei frijwilligers en in coördinator/behearder.
De lêste jierren dogge we dat yn lytsere, selsstjoerende groepkes dy’t elk twa moanne yn’t  seizoen ferantwurdlik binne foar it “bemensen” fan it doarpshûs. Dit om de taak fan coördinator makliker te meitsjen. Dit hat oan’t no ta goed foldien.

Der wurdt altyd âld papier ophelle, der helpt it hiele doarp oan mei en dêrom hoeche ferienings út eigen doarp gjin hier te beteljen.
En in soad dingen wurde bilangeloas dien, soms ek al jierren troch deselde minsken.

Der is in grut bestjoer dy’t ien kear yn it jier byelkoarkomt. Eartiids waard  it lyts besjtoer, dy’t de deistige gang fan saken regelt, derút keazen, sadat alle ferenigingen fertsjinwurdige wiene. Dat is no net mear sa, men kin yn it Lyts Bestjoer komme sûnder yn it Grutte Bestjoer sitten te hawwen, men is bliid mei alle kandidaten.

Activiteiten
De dûnsklup is al neamd en der is yn seizoen 1946/47 in kaartclub oprjochte “Harten Aas”, dy fiert dit dit winterskoft dus syn 70-jierrich bestean! Se kaarten eartiids by café Leen (Jonker Sikke). Fanôf 1956 wurdt der kaart om in wikselbeker, earder wie der noch gjin jild foar! De kaartklup sit sûnt 2005 yn it doarpshûs. Der wurdt op moandei altyd kaart en biljert en ien kear yn’ e moanne ek op freed.

In tiid hat der ek in suksesfolle tafeltenniskompetysje west, en in itensiedersklup foar manlju.
Yn 2005 waard de biljertklub oprjochte en der kaam in biljert mei toebehoren út it kafé fan Tytjerk.

Neist dizze saken wurdt der noch hieltyd fergadere, toniel spile, salsales, yoga, boerengespreksgroep en is der fan alles bard lykas bingo, dûnsles, buikdansen, kookworkshops, pubquiz, ensfh.

Al in oantal jierren hawwe we rûn Ald en Nij in geselliche brunch, dy’t tige drok besocht wurdt.
Soms is der samar “crisisoverleg”, sa as in oantal jierren lyn doe’t it flink winter wie…..fan it iene kaam it oare en samar siet it doarpshus fol.. en het crisisoerliz duorre oant yn de lette oerkes!

Ek ferneamd binne Bugspop, de optredens fan Mooi Wark en de ApresSkipartys en fansels it Merkefieren yn it Doarpshûs.

Ferbouwingen
Yn de rin fan de jierren binne der in oantal ferbouwingen west werby der oanpassingen kamen yn keuken, bar en toiletten.
Op 3 february 2017 is it Doarpshûs wer iepene nei in lêste grutte ferbouing. It is sa moai wurden!
Sjoch understeande foto: bestjoer stiet klear foar de iepening fan it ferboude doarshûs.

We hoopje dat we mei alle ynwenners fan Jellum/Bears en oaren der noch in protte noflike oerkes trochbringe sille!

Agenda

23 maart 2024
Muziekavond Yme & The Farmbreakers
13 april 2024
Snackavond
21 april 2024
Autopuzzeltocht
Meer informatie volgt
11 mei 2024
Oud papier ophalen
Hierbij het schema voor het ophalen oud papier in 2024.  We starten om 10.00 uur op het parkeerterrein bij de Smidshoeke. Als de papierophaler verhinderd is, dan graag zelf voor vervanging/ruilen zorgen.
Vragen Jan Pieter de Boer (06 10949013) of Rutger Fopma (06 48322826)
 
13 juli 2024

14 september 2024

28 september 2024
Burendag
Meer informatie volgt 
2 november 2024
Oud papier ophalen
Hierbij het schema voor het ophalen oud papier in 2024.  We starten om 10.00 uur op het parkeerterrein bij de Smidshoeke. Als de papierophaler verhinderd is, dan graag zelf voor vervanging/ruilen zorgen.
Vragen Jan Pieter de Boer (06 10949013) of Rutger Fopma (06 48322826)
 
14 december 2024

Archief
16 maart 2024
NL DOET en snackavond
Meedoen? Kijk hier voor meer informatie.
9 maart 2024
Oud papier ophalen
Hierbij het schema voor het ophalen oud papier in 2024.  We starten om 10.00 uur op het parkeerterrein bij de Smidshoeke. Als de papierophaler verhinderd is, dan graag zelf voor vervanging/ruilen zorgen.
Vragen Jan Pieter de Boer (06 10949013) of Rutger Fopma (06 48322826)

7 april 2024
Garagesale
 
Zoveel spullen en geen idee wat je ermee aan moet…….De oplossing is daar, dit jaar vindt er een garage sale plaats in Jellum – Bears voor alles wat je maar kwijt wil en verzameld hebt.
 
Wanneer:   zondag 7 april a.s.
Waar:         Bijna ieder huishouden in Jellum – Bears
Tijd:           13.00 – 16.00 met aansluitend een nazit in het Dorpshuis
Deelname: 10 euro per deelnemer
 
Meld je voor 15 maart a.s. aan via info@aldkskoallebears.nl of tel.:06-48322826. Voor meer info zie website; www.jellumbears.nl
 
6 maart 2024
Algemene ledenvergadering Dorpsbelang Jellum-Bears
Graag zien we al onze leden/dorpsbewoners tijdens de algemene ledenvergadering op 6 maart a.s om 20 uur in dorpshuis d'Ald Skoalle in Bears.
28 februari 2024
Jaarvergadering Doarpshûs De Ald Skoalle aanvang 20.30
Graag zien we jullie tijdens de jaarvergadering op 28 februari 20.30 in doarpshûs d'Ald skoalle in Bears.
Ga naar eerdere agenda items
Disclaimer | Privacy Statement
©2024 Dorpsbelang Jellum-Bears | realisatie: Insite Design websites